Robert Kennedy | ||
politikus | ||
echte namme | Robert Francis Kennedy | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 20 novimber 1925 | |
berteplak | Brookline (Massachusetts | |
stjerdatum | 6 juny 1968 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
dynasty | Kennedy-famylje | |
etnisiteit | Iersk | |
partij | Demokratyske Partij | |
Amerikaansk senator foar New York | ||
amtsperioade | 1965 – 1968 | |
foargonger | Kenneth Keating | |
opfolger | Charles Goodell | |
Amerikaansk minister fan Justysje | ||
amtsperioade | 1961 – 1964 | |
foargonger | William P. Rogers | |
opfolger | Nicholas Katzenbach |
Robert Kennedy, ropnamme: Bobby; folút: Robert Francis Kennedy, en ek wol bekend ûnder syn inisjalen RFK (Brookline (Massachusetts), 20 novimber 1925 – Los Angeles (Kalifornje), 6 juny 1968), wie in Amerikaansk jurist, politikus en presidintskandidaat fan roomsk Iersk komôf. Hy wie in jongere broer fan 'e Amerikaanske presidint John F. Kennedy, en wie ûnder dy yn regear fan 1961 oant 1964 minister fan Justysje. Fan 1965 oant 1968 siet er foar de steat New York yn 'e Amerikaanske Senaat. Hy stie bekend om syn frijsinnige politike opfettings en wie ien fan 'e wichtichste kandidaten om foar Demokratyske Partij mei te dwaan oan 'e presidintsferkiezings fan 1968. Op 5 juny fan dat jier, doe't er yn Los Angeles op kampanje wie, waard er delsketten troch Sirhan Sirhan, en koart nei midsnacht de oare deis ferstoar er; hy waard 42 jier.