Ronald Reagan

Ronald Reagan
politikus
echte namme Ronald Wilson Reagan
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 6 febrewaris 1911
berteplak Tampico (Illinois)
stjerdatum 5 juny 2004
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
Ingelsk
Skotsk
partij Republikeinske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 1993
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19811989
foargonger Jimmy Carter
opfolger George H.W. Bush
Gûverneur fan Kalifornje
amtsperioade 19671975
foargonger Pat Brown
opfolger Jerry Brown

Ronald Reagan (folút: Ronald Wilson Reagan; Tampico (Illinois), 6 febrewaris 1911Los Angeles (Kalifornje), 5 juny 2004), wie in Amerikaansk akteur, radiopresintator, tillefyzjepresintator, skriuwer, fakbûnslieder en politikus fan mingd Iersk-Skotsk-Ingelsk etnysk komôf. Hy makke yn 'e 1940-er jierren karriêre as film- en tillefyzje-akteur yn Hollywood, waard foarsitter fan it ynfloedrike Screen Actors Guild (it fakbûn fan filmakteurs), en rekke geandewei de jierren fyftich en sechstich almar mear belutsen by de polityk. Fan 1967 oant 1975 wied er gûverneur fan Kalifornje, en yn 1976 besocht er om 'e nocht en behelje de Republikeinske nominaasje foar it presidintskip. Yn 1980 slagge him dat al, en doe fersloech er by de ferkiezings de sittende Demokratyske presidint Jimmy Carter.

As presidint, in amt dat Reagan fan 1981 oant 1989 ferfolle, fierde er in tige rjochtse binnenlânske polityk, dy't goed wie foar de ekonomy, mar dy't makke dat de swakkeren yn 'e maatskippij yn 'e kjeld kamen te stean. Op bûtenlânsk mêd fierde er in agressive polityk dy't de Feriene Steaten behellen yn militêre konflikten mei Grenada, Lybje en Nikaragûa, en dy't himsels slim yn 'e swierrichheden brocht doe't it Iran-Kontra-skandaal oan it ljocht kaam. Teffens wurdt gauris it beëinigjen fan 'e Kâlde Oarloch oan him taskreaun, al miene kritisy dat dy ek sûnder him wol einige wêze soe. Yn it earste jier fan syn presidintskip oerlibbe er in moardoanslach. Nei ôfrin fan syn presidintskip waard bekend dat er oan 'e sykte fan Alzheimer litte. Hy is noch altyd in held fan 'e Amerikaanske konservativen.


Ronald Reagan

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne