Ronnie James Dio | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Dio yn (2009) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ronald James Padavona | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 july 1942 | |
berteplak | Portsmouth | |
stoarn | 16 maaie 2010 | |
stjerplak | Houston | |
wurkpaad | ||
sjenre | Metal | |
sjongtaal | Ingelsk | |
jierren aktyf | 1957–2010 |
Ronnie James Dio (pseudonym fan Ronald James Padavona) (Portsmouth, 10 july 1942 – Houston, 16 maaie 2010) wie in Amerikaansk Sjonger. Hy waard benammen bekind as sjonger fan de bands Rainbow (1975 - 1978), Black Sabbath (1979 - 1992) dêr't hy de ferfanger wie fan Ozzy Osbourne en syn eigen band Dio (1981 - 2010). Yn novimber 2009 makke syn frou en manager bekend dat by Dio de diagnoaze maachkanker steld wie. De sykte soe yn in begjinstadium ferkeare en noch goed te behanneljen wêze. Op 15 maaie wiene der al geroften dat Dio ferstoarn wie, mar Dio ferstoar in dei letter op 16 maaie 2010 oan de gefolgen fan maachkanker.