N369 | |
---|---|
Langte: | 101 km |
Kaart | |
De Rykswei 6 of A6 is in Nederlânske rykswei en autosneldyk, dy't yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw yn dielen reekaam. Yyn 1978 koe der einlings sprutsen wurde fan in trochrinnende dyk fan De Jouwer nei Lelystêd. De A6 rint fan knooppunt Muiderberch (A1) fia Almere, Lelystêd, Emmeloard en De Lemmer nei knooppunt De Jouwer (A7) by De Jouwer.
De wei foarmet in wichtige ferbining tusken Amsterdam en Noard-Nederlân. Sûnt de foltôging fan de A27 by Almere kinne automobilisten út de hiele Rânestêd flugger yn Flevolân en Noard-Nederlân komme.
Der lizze twa beweechbere brêgen yn de A6 dy't simmerdeis foar wat opûnthâld soargje kinne. It giet om de Ketelbrug oer it Ketelmeer en de Skarster Rienbrêge oer de Skarster Rien by Skarsterbrêge.
By de Ketelbrug leit de ôfrit Swifterbant, dy't allinnich út Emmeloard wei berikt wurde kin.
Foarhinne wie it weidiel tusken knooppunt Emmeloard en knooppunt De Jouwer ûnderdiel fan Rykswei 50 (A50), letter is dit diel ûnderdiel wurden fan Rykswei 6. It feit dat de A6 fanút noardlike rjochting by knooppunt Emmeloard rjochttroch oergiet yn de N50, en it ferkear dat de A6 fierder folgje wol ôfslaan moat, tsjûget hjir noch fan. Oarspronklik wie it plan dat de A6 fan Emmeloard ôf trochrinne soe oer Wolvegea, Easterwâlde en Roan nei Grins, mar dit trajekt waard letter skrast.