Sailing to Sarantium

Sailing to Sarantium
algemiene gegevens
auteur Guy Gavriel Kay
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 1998, Toronto
oarspr. útjwr. Simon & Schuster
rige
rige The Sarantine Mosaic
● foarich diel
● folgjend diel Lord of Emperors
kodearring
ISBN 0 74 34 50 094

Sailing to Sarantium is in fantasyroman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "Skipsreis nei Sarantium". It boek heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet yn in wrâld dy't basearre is op it Middellânske-Seegebiet út 'e sechsde iuw, yn 'e tiid fan it hichtepunt fan it Byzantynske Ryk ûnder keizer Justinianus I. De titel is ûntliend oan it gedicht Sailing to Byzantium, fan 'e Ierske dichter William Butler Yeats. Sailing to Sarantium fertelt it ferhaal fan Caius Crispus, in mozayklizzer út Varena, dy't troch keizer Valerius II nei Sarantium ûntbean wurdt en dêr oan kop en earen behelle rekket yn 'e yntriizjes fan it Keizerlik Hôf. De roman foarmet it earste diel fan 'e duology The Sarantine Mosaic, dy't fierder giet yn it ferfolch Lord of Emperors. Sailing to Sarantium waard yn 1998 publisearre troch útjouwerij Simon & Schuster, en kaam neitiid út yn ferskate werprintingen. It boek waard yn 1999 nominearre foar de World Fantasy Award yn 'e kategory bêste roman.


Sailing to Sarantium

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne