Seisbierrum | ||
Nije Buorren (2023) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.675 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 10,83 km², wêrfan: - lân: 10,66 km² - wetter: 0,17 km² | |
Befolkingsticht. | 158 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 13' N 5° 29' E | |
Offisjele webside | ||
Webstee Seisbierrum-Pitersbierrum | ||
Kaart | ||
Seisbierrum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Seisbierrum leit noardeastlik fan Winaam, eastlik fan Pitersbierrum, westlik fan Doanjum, súdwestlik fan Easterbierrum en besuden de Waadsee. Op 1 jannewaris 2023 hie Seisbierrum 1.675 ynwenners. De doarpskearn leit oan ferskate strjitten om de Sikstustsjerke fan Seisbierrum.