Senarioskriuwer

In senarioskriuwer of senarist (men heart ek wol de Ingelske fariant screenwriter) is in skriuwer dy't senario's skriuwt, de skriftlik fêstleine ferhaallinen dêr't films, tillefyzjesearjes en oare tillefyzjeprogramma's, strips en fideospultsjes op basearre binne. It skriuwen fan senario's is in freelance-berop, dêr't gjin opliedingseasken foar steld wurde, en dêr't men inkeld de keunst fan it goed fertellen fan ferhalen en in libbene fantasij foar nedich is. Senarioskriuwers wurde net oannommen as wurknimmers, mar wurde foar eltse put apart ynhierd.

De measte, mar net alle, senarioskriuwers sette harren karriêre útein troch on spec te skriuwen; dat is in Ingelske ôfkoarting foar on speculation, en wol safolle sizze as "op 'e dolle roes". Mei oare wurden, se skriuwe earst in senario, en besykje dat dêrnei te ferkeapjen oan in film-, tillefyzje- of fideospultsjeprodusint. Sadree't se wat súkses krije of namme makke hawwe, wurdt dy wurkwize yn 'e regel omdraaid, en komme de produsinten by de senarioskriuwers mei de opdracht om in spesifyk senario te skriuwen. Wat ûnder senarioskriuwers de amateurs fan 'e professionals ûnderskiedt, is dat de berops ornaris fertsjintwurdige wurde troch in talinte-agintskip. Fierders wurkje profesjonele senarioskriuwers net of mar komselden fergees, wylst amateurs geregeldwei ûnbetelle putsjes oanpakke moatte om bekendheid te krijen sadat se fan har hobby har berop meitsje kinne. Dat proses duorret meastal jierren, en ferget frijwat trochsettingsfermogen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Senarioskriuwer

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne