De sinne is de stjer dy’t tichtst by de ierde stjit en is it helderste objekt oan de himel. De Sinne foarmet it middelpunt fan it sinnestelsel.
Beneamingen dy’t minder faak brûkt wurde binne Helios en Sol, dit binne de nammen fan de Grykske en Romeinske goaden fan de sinne. It astronomyske symboal is in sirkel mei in stip yn de midden: .
Eartiids waard de sinne ek wol as planeet sjoen, foaral yn de tiid doe it geosintrisme noch as wier beskôge waard.