Sintraal-Jeropa

De lannen dy't meastentiids ta Sintraal-Jeropa rekkene wurde.

Sintraal-Jeropa of Midden-Jeropa is it gebiet dat tusken East-Jeropa en West-Jeropa yn leit en de midden fan it Jerpeeske kontinint beslacht. Wêr't krekt de grinzen fan dit gebiet lizze, is dizenich, mei't der in hiel soad ferskillende definysjes fan besteane. Wat neffens ien definysje ta Sintraal-Jeropa heart, kin yn in oarenien wol ta East-, West-, Noard-, Súd- of Súdeast-Jeropa rekkene wurde. It ferskil yn definysjes wurd feroarsake troch wêr't men sa'n definysje op basearret, en dêrby kin it gean om geografyske, histoaryske, polityk-steatkundige, kulturele of etnyske omtinkens. Lang hat de term 'Sintraal-Jeropa' grutdiels yn ûnbrûk west om't it wrâlddiel yn 'e tiid fan 'e Kâlde Oarloch by it Izeren Gerdyn lâns opdield wie yn in westlik en in eastlik part, wêrby't Sintraal-Jeropa midstwa snien waard.


Sintraal-Jeropa

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne