De Skotske Heechlannen of it Kaledoanysk Heechlân (Ingelsk:Scottish Highlands, Skotsk-Gaelysk: A'Ghaidhealtachd, Skotsk: Hielans) is in noardlike krite yn Skotlân, in part fan Grut-Brittanje yn it Feriene Keninkryk. De kontrei komt sa'n bytsje oerien mei it riedsgebiet (council area) en de eardere regio Highland. Geografysk wurde de Heechlannen ferdield yn: de Grampian Mountains yn it súdeasten, skieden fan de Noardwestlike Heechlannen troch de Grutte Delling yn it noardwesten.