Skriller

In sêne út 'e skriller Rebecca, in film fan regisseur Alfred Hitchcock út 1940.

In skriller of thriller (fan it Ingelske to thrill, "yn spanning sitte") is in breed sjenre yn 'e literatuer, film en tillefyzje dat spanning as wichtichste elemint hat. Skrillers spylje swier yn op it sin fan 'e lêzer of sjogger, en roppe by him/har in heech nivo fan ferwachting, ûnwissens, ferrassing, opwining en eangstme op. Se moatte it hawwe fan dy heech oprûne spanning by de lêzer of sjogger en besykje him/har by wize fan sprekken op it puntsje fan 'e stoel te hâlden.

It meast foarkommende subsjenre fan 'e skriller is de misdieskriller, dy't in tige grutte oerlaping hat mei it detektiveferhaal. Oare bekende subsjenres binne psychologyske skrillers (ferbyldt er it him no of net?), eroatyske skrillers en spionaazjeskrillers, dy't in fiktyf byld jouwe fan spionaazjepraktiken.

Op it mêd fan 'e literatuer wurdt de Aldgrykske Odyssee, fan Homêros, beskôge as in ier prototype fan 'e skriller, al sille de measte minsken dêr net daliks oan tinke as it oer dit ûnderwerp giet. Ek yn it hindoeïstyske Mahābhārata-epos wurdt op plakken in oan 'e skriller besibbe ferteltechnyk brûkt. It Midsiuwske mearke Readkapke is al in dúdliker foarbyld fan 'e skriller, mar it literêre sjenre sa't dat hjoed de dei bestiet, ûntjoech him pas fan 'e sechstiger jierren fan 'e tweintichste iuw ôf. The Bourne Identity, fan Robert Ludlum, út 1980, is ien fan earste skrillers dy't yn 'e moderne styl skreaun is. In hiel resint foarbyld fan it sjenre is de gearspanningsskriller Inferno, fan Dan Brown, út 2013.

Wat films oangiet, stie de ferneamde regisseur Alfred Hitchcock bekend om syn skrillers, lykas de klassiker Psycho, út 1960, oer in sûnderlinge, troch syn mem obsedearre moteleigner dy't syn froulike gasten fermoardet. In oare ferneamde film fan it skrillersjenre wie Clint Eastwood syn rezjydebút, Play Misty for Me, út 1971, oer in radio-d.j. dy't stâlkt wurdt troch in geastlik sike froulike fan. In resinter foarbyld is it mannichfâld bekroande The Silence of the Lambs, út 1991, mei Jodie Foster en sir Anthony Hopkins, oer in geastlik sike searjemoardner dy't efter de hakken sitten wurdt troch in jonge FBI-aginte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Skriller

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne