De Spiisfertarring hâldt yn it fertarren fan fiedsel (spiis) ta stoffen dy't troch it lichem opnomd wurde kinne. Dat bart yn it spiisfertarringskanaal; buizen en lichemsholten dêr't it spiisfertarjen plakfynt. De spiisfertarring soarget tagelyk foar de ôffier fan ôffalstoffen.
Mûle; yn de mûle wurdt it fiedsel troch it gebit yn lytse brokjes meald en mei flibe fochtich makke, dêr't ek enzimen yn sitte dy't al in begjin meitsje mei de fertarring.
Slokterm (oesophagus); de slokterm is in ferbiningsstik, it ferbynt de mûle mei de mage.
Mage; de mage lûkt byinoar en mealt dêrmei it iten. It lichem foeget sâltsoer ta dat in grut part fan net winske baktearjes deamakket.
Koarte term (duodenum); sappen út de alfleisklier (pancreas) soargje derfoar dat de massa dy't út de mage komt ûntsoere wurdt. Galsop helpt fetten te emulgearjen. Der binne in soad enzimen dy't helpe by it ôfbrekken fan fiedingstoffen.
Lytse term (je jenumen en ileum); yn de lytse term sitte termflokken dy't soargje dat de fiedingsstoffen opnomd wurde yn it bloed.
Grutte term (coecum [mei appendix vermiformis] en colon); de tsjokke term hellet de lêste resten fiedingsstoffen en wetter út de brij
Einterm (colon sigmoidum en rectum); sammelplak foar de trochgong (faeces).