Spiro Agnew | ||
politikus | ||
echte namme | Spiro Theodore Agnew | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 9 novimber 1918 | |
berteplak | Baltimore (Marylân) | |
stjerdatum | 17 septimber 1996 | |
stjerplak | Berlin (Marylân) | |
etnisiteit | Gryksk | |
partij | Republikeinske Partij | |
Fise-presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1969 – 1973 | |
foargonger | Hubert Humphrey | |
opfolger | Gerald Ford | |
Gûverneur fan Marylân | ||
amtsperioade | 1967 – 1969 | |
foargonger | J. Millard Tawes | |
opfolger | Marvin Mandel | |
Grytman fan Baltimore County | ||
amtsperioade | 1962 – 1966 | |
foargonger | Christian H. Kahl | |
opfolger | Dale Anderson |
Spiro Agnew, útspr.: /'spɪrou 'æɡnju:/ (folút: Spiro Theodore Agnew; Baltimore (Marylân), 9 novimber 1918 – Berlin (Marylân), 17 septimber 1996), wie in Amerikaansk politikus, jurist, sakeman en skriuwer fan mingd Gryksk-Amerikaansk etnysk komôf. Hy tsjinne fan 1969 oant 1973 as fise-presidint ûnder Richard Nixon en rekke yn dy hoedanichheid behelle yn it Watergate-skandaal, mar hy moast úteinlik ôftrede fanwegen finansjele misdriuwen dy't dêr los fan stiene. Hy waard opfolge troch Gerald Ford.