De Suderie ek wol Súd Ie neamd is in wetter yn de gemeente Noardeast-Fryslân, earder Dongeradiel.
De Suderie rint fan Dokkum nei Iezumasyl dêr't er yn de Lauwersmar útkomt. De Jaarlasleat (lokaal: it Jellegat) foarmet de ferbining mei de Peazens. De Lauwersseewei rint tusken Dokkum en Mitselwier deun de Suderie bylâns. By it oanlizzen fan dy provinsjale wei binne ferskeidene bochten yn de Suderie ôfsnijd.
Fan de Suderie rinne ferskate opfearten nei de doarpen Eastrum, Mitselwier (de Lange Sleat), Moarre, Ie oer De Tibben (sjoch Iester Ryd) en fia de Moerssleat nei Eanjum.
By Iezumasyl stiet it gemaal De Dongeradielen dy't it wetter út de Suderie yn de Lauwersmar pompt. Troch de skutslûs kinne boaten fan de Lauwersmar op de Suderie komme.
Yn de folksmûle waard de it part fan de Suderie east fan Dokkum ek wol Hurdridersgrêft neamd, fanwege de riderijen dy't dêr hâlden waarden yn de 19e iuw.
De namme Súdie liket allinnich te ferklearjen troch in omkeard kaartbyld mei it suden nei boppe keard. Yn 'e Súdlike Nederlannen kaam dat faker foar sa't skynt, yn it Noarden wie it seldsumer. [1] In soartgelikense relaasje soe bestien hawwe tusken de Suder Ie en de Peazens, dy 't dêrom Noarder Ie neamd wêze soe. [2] Guon ûndersikers miene dat der earst twa slinken wiene, dy't mei it trochgraven fan in kwelderwâl by de Reidswâl ien wurden binne.