Swimbad

In oerdutsen iepenbier swimbad.

In swimbad (meartal: swimbaden) is in bouwurk dat ûntwurpen is om wetter fêst te hâlden dêr't minsken yn swimme kinne. Sokke bouwurken kinne yn 'e grûn útgroeven wêze, boppe de grûn oanlein wêze of ûnderdiel útmeitsje fan in gebou of skip. Foar de oanlis fan swimbaden wurde materialen brûkt as beton, natuerstien, metaal, plestik of glêsfezel.

Swimbaden wurde almeast brûkt foar ferdivedaasje, rekreaasje en frijetiidsbesteging, mar ek foar sporten as swimmen, wetterpolo en dûken, foar swimlessen (lykas skoalswimmen), foar beskate foarmen fan fysioterapy en foar de training fan strânwachten en astronauten. As se foar sportwedstriden boud binne, hawwe swimbaden standerdisearre ôfmjittings, mei as grutste it Olympysk swimbad. Foarhinne bestiene der swimbaden dy't òf foar manlju en jonges òf foar froulju en famkes bedoeld wiene, en dêr't mingd swimmen net tastien wie.

In privee-swimbad yn 'e eftertún.

Der binne ferskillende soarten swimbaden. Iepenbiere swimbaden binne foar eltsenien tsjin betelling tagonklik. Fan sokke swimbaden binne der twa haadtypes: binnenbaden en bûtenbaden. In binnenbad is oerdutsen mei in dak, sadat de temperatuer yn 'e romte mei it swimbad sa nedich ferhege wurde kin. Sadwaande binne sokke swimbaden yn prinsipe it hiele jier rûn iepen, ek as it bûtendoar te kâld is om te swimmen. Bûtenbaden, oan 'e oare kant, binne yn 'e iepen loft oanlein, en kinne yn in klimaat lykas dat fan Nederlân inkeld simmerdeis iepen wêze.

De measte iepenbiere swimbaden (yn 'e sin fan bedriuwen) besteane eins út ferskate swimbaden fan ferskillende djipte. Guon hawwe sawol binnen- as bûtenbaden, soms mei in ferbining tusken dy beiden. Wat ek foarkomt, is in swimbad dat oan 'e iene kant ûndjip is, mar wêrfan't de boaiem skean ôfrint, sadat it almar djipper wurdt neigeraden men tichter by de oare kant komt. (Dêr komt de útdrukking wei "immen yn it djippe goaie", wat sizze wol dat men fuortendaliks mei it dreechste begjinne moat.) Populêre ûnderdielen fan iepenbiere swimbaden binne de dûkplanke, in fearjend útsteksel boppe it wetter dêr't men fan ôf springe kin, en de glydbaan, dêr't men mei faasje by in faak bochtich paad delspield wurdt nei it swimbad.

Ek meitsje swimbaden faak diel út fan 'e fasiliteiten fan cruiseskippen en gruttere passazjiersskippen, kueroarden, campings, fitness-sintra, iepenbiere sauna's, hotels en universiteiten. Sokke swimbaden binne semy-iepenbier, wat betsjut dat se tagonklik binne foar de passazjiers, hotelgasten, studinten, ensfh., mar net foar Jan en alleman. Fierders binne der noch privee-swimbaden, dy't partikulieren oanlizze litte, faak yn harren eftertún. Dêr meie inkeld de eigner en syn of har húshâlding swimme, mei harren eventuële gasten.


Swimbad

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne