Swiniastate

Miniatuer fan Swiniastate

It kastiel fan Swiniastates Hegeskoalle foar tsjoenderij en Hokus-Pokus (Ingelsk: Hogwarts School for Witchcraft and Wizardry) is in tsjoendersskoalle, beskreaun yn 'e Harry Potterrige fan 'e Britske skriuwster J.K. Rowling. Yn dizze rige giet Harry Potter nei Swiniastate en leart dêr allegearre betsjoenings ensfh. en foar him is it syn thús.

Yn 'e boeken wurdt beskreaun dat it kastiel yn Skotlân stiet en dat it in soad tuorren hat en sân ferdjippingen. Ek wenje der in protte spûken en geasten. It gebou is troch safolle magy omjûn dat it net troch Migels fûn wurde kin. Yn it kastielkompleks binne der û.o. in soad lokalen, in bibleteek en in grutte ytromte, dêr't troch 'e tsjoendersbern iten wurdt oan fjouwer grutte tafels, foar eltse ôfdieling ien. Yn 'e omkriten fan 'e skoalle is der in lyts hûske fan 'e healreus Hagrid, in grut wâld, in mar, in swurkbalfjild en in lyts doarpke.

Der binne, lykas hjirboppe ek al beskreaun waard, fjouwer ôfdielings yn 'e skoalle, dy't allegearre harren eigen tafel hawwe yn 'e ytromte, in eigen sliep- en wenromte hawwe. De bern yn de fjouwer ôfdielings wurde selekteare op harren eigenskippen, dat eltse ôfdieling hat syn eigen karakterskaaimerk. Der is op it flak fan swurkbal en it ôfdielingskampioenskip kompetysje tusken de bern fan dizze ôfdielings. De ôfdielings binne yn 't Ingelsk*: Gryffindor, Hufflepuf, Ravenclaw en Slytherin.

(* De fryske nammen haw ik (noch) net fûn)


Swiniastate

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne