It eilân Teksel (Hollânsk: Texel, Tekselsk: Tessel) is it grutste fan 'e Westfryske eilannen. Bestjoerlik is it in selsstannige gemeente. Op Teksel wenje likernôch 14.000 minsken en wurdt fan âlds it Tekselske dialekt sprutsen, dat ta de Westfryske dialektgroep heart. It eilân is 170 km² grut, trochinoar 20 km lang en 8 km breed. Yn 1415 hat Teksel (it gânse eilân) stedsrjochten krigen; dêrtroch is it wat oerflak oangiet de grutste 'stêd' fan Nederlân. De stedsrjochten joegen Teksel al ier in frij grutte selsstannichheid.