Tekst

In tekst, breed definiearre, is in lange rige talige tekens, lykas letters, symboalen of lûden, dy’t yn in kommunikative situaasje as ienheid beskôge wurde. In tekst kin dus sawol skreaun, as net-skreaun wêze.


Der binne dus, by de ûndergrins, teksten dy’t út mar ién teken of lûd besteane. Yn in soad gefallen bestiet in tekst lykwols út in tal mei ferdrach oardere wurden en sinnen, dy’t min ofte mear koherinsje en koheezje sjen litte. Oan de boppegrins ha jo dan bygelyks in romantekst, of in lang petear of gewoan in dialooch tusken twa minsken.

De gearhing en it kommunikative funksjonearjen fan teksten wurdt bestudearre yn de tekstlinguïstyk resp. de pragmatyk (taalkunde).

Tekst wurdt ek brûkt as synonym foar it beprate, behannele ûnderwerp.

  • Do moatst net fan ‘e tekst reitsje → net oer wat oars begjinne.
  • Tekst en útlis jaan → fierder ferdútse

Tekst

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne