Tifinagh

It Tifinagh-skrift

It Tifinagh (Berberske útspraak: [tifinaɣ]; ek as Tifinaɣ skreaun yn it Berbersk-Latynsk alfabet; Nij-Tifinagh: ⵜⵉⴼⵉⵏⴰⵖ; Tûarek-Tifinagh: ⵜⴼⵉⵏⵗ or ⵜⴼⵏⵗ) is in konsonanteskrift om yn de Berbertalen te skriuwen.

In moderne foarm fan it tradisjoneel skrift, it Nij-Tifinagh waard yn de tweintichste iuw yntrodusearre. It Ircam-Tifinagh is in foarm fan it skrift dat justjes oanpast is en wurdt yn de legere skoallen yn Marokko brûkt om de Berberske taal te learen.

It wurd tifinagh is nei alle gedachten in berberisearre froulike meartalsfoarm fan it wurd "Punysk". It Berberske froulike foarheaksel ti oan it Latynske punicus koe mooglik de "Fenisyske/Punyske letters" betsjutte.


Tifinagh

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne