Trading in Danger | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Elizabeth Moon | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2003, New York/Londen | |
oarspr. útjwr. | Del Rey / Orbit Books | |
rige | ||
rige | Vatta's War | |
● foarich diel | ― (1e diel) | |
● folgjend diel | Moving Target | |
kodearring | ||
ISBN | 0 34 54 47 603 |
Trading in Danger is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Elizabeth Moon. De titel betsjut: "Hannel yn Gefaar", mar is dûbelsinnich en kin ek lêzen wurde as "It Ferhanneljen fan Gefaar". It boek fertelt it ferhaal fan Ky Vatta, in telch út in foaroansteande famylje fan keapfarders yn 'e romte, en har aventoeren as se troch omstannichheden yn in oarlochssitewaasje bedarret. Trading in Danger is it earste diel fan 'e Vatta's War-searje, dy't út fiif dielen bestiet, mar it is in ôfrûne ferhaal dat ek op himsels lêzen wurde kin. It waard yn 2003 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Del Rey Books en it Londenske Orbit Books.