Uithuizen | ||
De Menkemaboarch by Uithuizen | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | It Hegelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.520 (2023) [1] | |
Oerflak | 33,11 km² wêrfan lân: 32,74 km² wêrfan wetter: 0,37 km² | |
Befolkingsticht. | 167 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 24' N 6° 40' E | |
Kaart | ||
Uithuizen (Grinslânsk: Oethoezen) is it haadplak fan de gemeente It Hegelân yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It plak leit op it Hegelân, oan de ein fan it Boterdiep. Oant 1979 wie Uthûzen in selsstannige gemeente.
De namme Uithuizen betsjut hûzen út de wierde, dat wol sizze de earste hûzen dy ‘t net op, mar neist de wier Brunwerd boud binne. Brunwerd krige hjirtroch de namme Oldorp (it âlde doarp). De kearn fan Uithuizen bestiet út in langhalige wier dy’t fanâlds Opryp neamd waard. By Uithuizen hawwe de stienhûzen en boargen Almersma, Aylbada, Engersum, Ringeweer en Takuma stien. De wichtichste boarch wie lykwols de noch altyd besteande Menkemaboarch.
Uithuizen is oer de wei ûnder mear berikber oer de provinsjale diken 363 en 999. Boppedat hat it doarp in treinstasjon oan it spoar fan Grins nei Iemshaven.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|