Van Coehoornbosk | ||
Van Coehoornbosk | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Wikel | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 11 ha | |
stifting | 1949 | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Van Coehoornbosk, ek wol Wikelerbosk neamd, is in âld oarspronklik yn Frânske styl oanlein leafbosk fan 11 hektare, mei skaaimerken fan de lettere Ingelske lânskipsstyl.
Menno baron fan Coehoorn wie direkteur-generaal fan de fortifikaasjes fan de Republyk en in ferneamd festingboukundige. De Van Coehoornbosk leit flak efter de tsjerke fan Wikel dêr't ek syn prealgrêf yn is, en waard oanlein om it lângoed Meerenstein fan de famylje Van Coehoorn. De hichte dêr't it bûtengebiet stiet sil in moai útsjoch jûn hawwe op it iepen lân, de Sleattemer Mar en mooglik de stêd Sleat, dêr't de festingwurken fan troch de baron ûntwurpen wienen.
De Van Coehoornbosk is yn 1949 troch It Fryske Gea oankocht om de botanyske, histoaryske en rekreative wearden. De bosk is oarspronklik oanlein yn de Frânske geometryske formele styl: rjochte leanen dy't it ferdiele yn rjochthoekige fekken. Letter binne hjir eleminten út de Ingelske lânskipsstyl by koamd. De oanwêzige stinzefloara is grif in oerbliuwsel út dy tiid.
Fan de poddestuollen is de gewoane morylje bysûnder. Neist it iepen stik, dêr't eartiids Meerenstein stien hat en no brûkt wurdt as iisbaan, bestie de boask meast út ikehakhout, dat geandewei útgroeid is ta in opgeand bosk. Mei it each op it ôffieren fan it wetter is de bosk eartiids oanlein op perselen fan 5 oant 6 meter breed. Lâns de rânen rinne fraaie ikesingels.