Victoriustsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Penjum | |
adres | Grutte Buorren 8 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | Toer: 12e of 13e iuw; ferheging 15e iuw; tsjerke: ± 1500, fernijing 1759 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39426 | |
offisjele webside | ||
Protestanske gemeente Trijeris-Ien |
De Victoriustsjerke oan de Grutte Buorren is de tsjerke fan de PKN-gemeente "Trijeris-Ien" yn Penjum. Yn de tiid foar de reformaasje wie de tsjerke wijd oan Fiktor fan Xanten, in romeinsk ofsier fan it Tebaanske legioen dy't de marteldea stoar by de kristenferfolgings yn it Romeinske Ryk. Sûnt 31 jannewaris 2017 is de stifting Victoriuskerk Pingjum eigner fan it gebou. De tsjerke is in ryksmonumint.