Wettertoer

Wettertoer yn Helsinky: 52 m heech en in ynhâld fan 12.000 m³ (dit is in tige grutte wettertoer, as fergeliking: hjirmei kin in stêd fan mear as 100.000 ynwenners in dei fan wetter foarsjoen wurde)[1]
Wettertoer yn Naaldwyk

In wettertoer is in wettertank dy’t op in beskate hichte boud is. De wetterkolom yn de toer wurdt brûkt om de druk yn it wetterliedingnet konstant te hâlden. Dy druk is evenredich mei it peil fan it wetter: foar elke tsien meter is de druk sa. 10 N/sm² heger (ofwol 100 kiloPascal). By wetterbedriuwen is it noch altyd wenst de druk út te drukken yn 'meters wetterkolom'; de ôfleverdruk (en dus de hichte fan de wettertoer) is ûngefear 30 meter wetterkolom. By in te hege druk, mear as 40 mwk, soenen de liedingen en kranen skea oprinne kinne, by minder as 20 mwk komt der in te leech debyt út de kraan. Dy hichte is ynklusyf in eventuele natuerlike ferheging dêr't de wettertoer op boud is.

  1. Rekkenjend mei in wetterferbrûk fan 115 liter per ynwenner per dei, it gemiddeld wetterferbrûk yn Fryslân neffens: De loop van het Friese water - G. ter Haar, P.L. Polhuis

Wettertoer

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne