Willem Freark fan Oranje-Nassau (De Haach, 24 augustus 1772 – Berlyn, 12 desimber 1843) wie as Willem I fan 1813 oant 1815 soeverein foarst en fan 1815 oant 1840 de earste kening fan de Nederlannen. Under syn bewâld foarmen it hjoeddeiske Nederlân en Belgje fan 1813 oant 1830 ien steat.