William Wallace

William Wallace
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1270
berteplak Ayrshire? (Skotlân)
stjerdatum 23 augustus 1305
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Skotsk
beskermhear fan Skotlân
amtsperioade 12971298
Dizze side giet oer de Skotske frijheidsstrider William Wallace. Foar oare betsjuttings, sjoch: William Wallace (betsjuttingsside).

William Wallace (útspr.: ['wɪljəm 'wɔləs], likernôch "û-iljem û-olles"; Midsiuwsk Skotsk-Gaelysk: Uilliam Uallas; modern Skotsk-Gaelysk: Uilleam Uallas; Normandysk-Frânsk: William le Waleys; Ayrshire?, ±1270Londen, 23 augustus 1305) wie in Skotsk frijheidsstrider en opstanneling dy't himsels opwurp as ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e Skotten ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen oan 'e ein fan 'e trettjinde en it begjin fan 'e fjirtjinde iuw. Wallace fersloech yn 1297 in Ingelsk leger yn 'e Slach by Stirling, en waard dêrnei oansteld as beskermhear fan Skotlân (in soarte fan regint). As sadanich tsjinne er oant syn nederlaach yn 'e Slach by Falkirk, yn 1298. Neitiid liek it tij him tsjin 'e Skotten te kearen, en yn 1303 joegen alle Skotske lieders útsein Wallace har oer oan kening Edwert I fan Ingelân. Uteinlik waard Wallace yn 1305 ferret en oppakt by Glasgow, wêrnei't er nei Londen brocht en terjochtsteld waard.

Doe't Skotlân nei syn dea ûnder Robert de Bruce dochs noch syn ûnôfhinklikheid weromwûn, waard Wallace as ikoanyske frijheidsstrider ta in leginde. It measte dat tsjintwurdich oer syn libben bekend is, komt út it fyftjinde-iuwske epyske gedicht The Acts and Deeds of Sir William Wallace, Knight of Elderslie, fan 'e minstreel Bline Harry. Dêrop binne lettere, ferneamde literêre wurken basearre fan û.m. sir Walter Scott en Jane Porter en de mei ferskate Oscars bekroande Hollywood-film Braveheart, fan regisseur Mel Gibson.


William Wallace

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne