In ynljochtingetsjinst is in geheime tsjinst dy't ferantwurdlik is foar it sammeljen, de analyze en de eksploitaasje fan ynformaasje dy't út in breed ferskaat oan boarnen wûn wurdt. It doel is om dêrmei de wetshanthavening, steatsfeilichheid en it politike en militêre regearingsbelied fan it eigen lân te ûnderstypjen. De middels om ynformaasje te sammeljen binne foar in diel iepenbier en foar in diel geheim, en kinne saken omfetsje as spionaazje, kommunikaasje-ûnderskepping, krypto-analyze, gearwurking mei oare ynljochtingetsjinsten, en it hifkjen fan gegevens út iepenbier beskikbere boarnen. It gearstallen fan brokjes ynformaasje út sokke útinoar rinnende boarnen ta koherinte ynljochtings en it trochjaan fan dy ynljochtings oan it eigen regear hjit ynljochtinge-analyze of ynljochtinge-evaluaasje.