Boscastle (Kornysk: Kastell Boterel) is in doarp en fiskershaven oan de noardkust fan Cornwall, Ingelân, yn de civil parish Forrabury en Minster. It plak leit 23 km besuden Bude en 8 km noardeastlik fan Tintagel.[1]
De namme fan it doarp is ôflaat fan Bottreaux Castle,in 12e iuwske motte-and-bailey fort, dêr't mar in bytsje fan oer is.
De haven fan Boscastle is in natuerlike ynholte en wurdt beskerme troch twa havenmuorren dy't yn 1584 troch Sir Richard Grenville boud binne. It is de iennichste haven fan betsjutting oer in kustlingte fan sa'n 20 km. Neist fiskershaven wie Boscastle eartiids ek in ymporthaven foar laai en stienkoal en waarden dêr lânbouprodukten en bewurke laai útfierd.
It âldste diel fan Boscastle leit om de haven hinne; nijere wenten binne hegerop boud yn de dellings fan de rivierkes Valency en Jordan.