Skiednis fan de boekdrukkeunst | |
---|---|
Blokdruk | 200 f.Kr. |
Losse letters | 1040 |
Drukparse | 1453 |
Ets | ± 1515 |
Mezzotint | 1642 |
Akwatint | 1772 |
Litografy | 1796 |
Gromolitografy | 1837 |
Rotaasjeparse | 1843 |
Stinsel | 1869 |
Leadsetten | 1884 |
Mimeograaf | 1886 |
Kopiearapparaat | 1907 |
Seefdruk | 1910 |
Matrizedruk | 1923 |
Kserografy | 1938 |
Fotosetwurk | 1949 |
Inket(snjit)printer | 1951 |
Kleurstofsublimaasjedruk | 1957 |
Matriks(nulle)printer | 1968 |
Laser(ljocht)printer | 1969 |
Termoprinter | ± 1972 |
3D-printer | 1984 |
Digitale printer | 1993 |
Gromolitografy is in druktechnyk bedoeld foar it meitsjen fan mearkleurige ôfdrukken. De metoade is foar it meastepart stal jûn troch Gudefroy Engelmann dy’t hjir yn 1837 in oktroai op krige. Yn de 19e iuw waarden wol mear kleuredrukmetoades stal jûn mar de gromolitografy wie it populêrst.
Gromolitografy is in gemysk proses dat min ofte mear itselde wurket as gewoane litografy mei it ferskil dat foar alle kleuren dy’t brûkt wurde in aparte drukplaat brûkt wurdt. Dy platen wiene meast fan sink of kalkstien.
Allerearst waard in basistekening makke. Dêrnei waard deselde ôfbylding mei waakskryt op de drukplaten tekene mei dát ferskil dat allinnich it stik fan de tekening dat de oanbelangjende kleur hie, tekene waard. Dêrnei waarden de drukplaten bewurke mei Arabyske gom dêr’t in soere stof oan tafoege wie. Dêrtroch waard de drukplaat útbiten, útsein dat stik dêr’t de waaksen tekening op stie. Hjirnei wie de drukplaat klear. Dan koe it papier mei de ferskillend kleure drukplaten bedrukt wurde. Om de ôfbyldings sekuer passe te litten waarden de tekeningen foarsjoen fan referinsjekruzen.
Gromolito’s wiene der yn ferskillende kwaliteiten. Foar de djoerdere eksimplaren waarden bytiden mear as tweintich ferskillende kleuren brûkt. It wie in slim bewurklik proses dat ein tritiger jierren wat langer wat mear ferkrongen waard troch de offsetdruk. De yndustriële litografy of stiendruk ferdwûn definityf yn de sechstiger jierren fan de 20e iuw út de drukkerijen om it eksklusive domein fan de keunstner te wurden.