Noardereach (Deensk: Nørreog; Dútsk: Norderoog; Noardfrysk: Noorderuug) is ien fan de Halligen yn Dútslân. It eilân leit westlik fan Pelweerm, eastlik fan de sânplaat Noardereachsân en súdlik fan Hege. It makket ûnderdiel út fan de gemeente Hege en is 0,09 kante kilometer grut. Noardereach hat gjin fêste bewenning, allinnich fan maart oant oktober wurdt it sa no en dan bewenne troch fûgelwachters. It ferbliuw fan de fûgelwachters, mei de namme Jens Wand Hütte, stiet op hege peallen tsjin it floedzjen fan de see.