Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Rheged

Noard-Brittanje yn de 6e iuw
De Eden Valley soe it hert fan Rheged west hawwe

Rheged wurdt beskreaun yn poëtyske boarnen as ien fan de keninkriken fan Hen Ogledd ("It âlde noarden"), de Brytonysk-sprekkende regio yn wat no Noard-Ingelân en Súd-Skotlân yn de Iere-Midsiuwen. Grinzen fan dit ryk wurde net beskreaun yn de gedichten, mar gelearden wol hawwe dat it gebiet sa'n bytsje oerkomd mei it Kumbria yn Noarwest-Ingelân fan no oant yn Lancashire en Skotlân.[1] De bewenners fan Rheged sprieken Kumbrysk, in Britonsk dialekt nau besibbe oan it Ald Welsk.[2]

Der is net in protte bekend oer dit ryk, mar de Welske dichter Taliesin neamt de legindaryske kening Urien. Yn de 8e iuw730) waard it ynlive troch it Angelsaksyske Northumbria, mooglik nei it houlik fan Oswiu fan Northumbria mei prinsesse Riemmelth út Rheged. Dêrnei waard harren taal ek stadichoan ferfongen troch Aldingelsk.

  1. Koch, John T. Celtic culture: a historical encyclopedia ABC-CLIO Ltd (15 Mar 2006) ISBN 978-1851094400 s. 1499.
  2. Jackson, Language & History in Early Britain, s. 9

Previous Page Next Page






Reinu de Rheged AST Рэгед BE Rheged BR Rheged Catalan Rheged CY Königreich Rheged German Rheged English Reino de Rheged Spanish Rheged French Rheged GL

Responsive image

Responsive image