Selsspot

Selsspot is in type humor yn 'e foarm fan it fermogen om de gek mei jinsels te hawwe. It is ek in foarm fan selskennis. Selsspot wurdt yn Jeropa ornaris beskôge as in tige positive en deugdsume eigenskip, om't it oanjout dat men jinsels net al te serieus nimt. Yn dy sin is it in foarm fan beskiedenens en it tsjinstelde fan idelheid. Yn 'e Feriene Steaten wurdt selsspot faak net snapt en sjoen as in ûnbegryplik leechlizzen fan jinsels. Ynstee wurdt it toanen fan it eigen selsfertrouwen dêr as in deugd beskôge, wat yn Jeropa oer it algemien wer opfet wurdt as ferachtlike opskepperij. Selsspot kin ek in selsferdigeningsmeganisme wêze, wêrby't men de gek mei jinsels hat om oaren foar te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Selsspot

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne