Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Suteldyk

In suteldyk of parallelwei is in dyk dy't parallel njonken in oare dyk, de saneamde haadwei, rint. In haadwei is yn measte gefallen in trochrinnende dyk.

De namme fan de suteldyk komt fan de hannelers dy't harren guod oan de suteldyk oan de bewenners ferkochten (suteljen). It pleatslike ferkear makket gebrûk fan de suteldyk. Oan de suteldiken lizze ek gauris parkearplakken. By in dyk del kinne oan wjerskanten fan de haadwei, suteldiken lizze.

In suteldyk ûntstiet ornaris, trochdat in nije trochgeande dyk oanlein wurdt njonken de oarspronklike, smellere dyk, dêr't de oarspronklike dyk by bliuwt lizzen en bied tagong ta de huzen en bedriuwen dy't oan dy dyk steane.


Previous Page Next Page






Nebenfahrbahn German Ventweg Dutch

Responsive image

Responsive image