Twisk | |
---|---|
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 1.090 (2021) [1] |
Oerflak | 7,67 km², wêrfan: lân: 7,46 km² wetter: 0,24 km² |
Befolkingstichtens | 140 ynw. / km² |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 52° 44' N 5° 03' E |
Webside | Side doarpsried Twisk |
Twisk is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Medemblik. It likernôch 5 kilometer lange doarp leit súdwestlik fan de stêd Medemblik. Eartiids wie Twisk in lintdoarp, mar sûnt it ein fan de 20e iuw hat nijbou dat karakter wat feroare.
Twisk hat in beskerme doarpsgesicht mei twa tsjerken en in soad stjelppleatsen, meiïnoar sa'n 100, lâns in grêft. It doarp hat 51 ryksmonuminten en in ryk ferieningslibben.