Krystman | ||
De akteur Jonathan G. Meath as de krystman. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Santa Claus, Father Christmas, Kris Kringle | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | gjint / ûnbekend | |
berop/amt | boartersguodmakker | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
krystelven, Mrs. Claus, rindieren fan 'e krystman | |
attributen | read-wyt pak, reade mûtse, fleanende belslide | |
ûntstean | 18e iuw |
De krystman, yn 'e Angelsaksyske wrâld better bekend as Santa Claus, en ek wol Saint Nicholas, Father Christmas of (yn 'e Feriene Steaten) Kris Kringle neamd, is in legindarysk figuer yn 'e Westerske kultuer dy't op krystjûn (24 desimber) oer de hiele wrâld pakjes besoargje soe foar bern dy't har it ôfrûne jier goed holden en droegen hawwe. Dit figuer fynt syn oarsprong yn 'e persoan fan 'e kristlike hillige Nikolaas fan Myra, hoewol't der ek eleminten fan 'e Germaanske god Weda yn opnommen binne. De moderne krystman kaam direkt fuort út 'e ferminging, yn 'e Feriene Steaten, fan 'e Nederlânske tradysjes omtrint Sinteklaas mei it Britske idee fan Father Christmas. Yn 'e achttjinde iuw ûntstie sa yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten de krystman, dy't stadichoan útwoeks ta in nasjonaal en dêrnei ta in ynternasjonaal figuer. Syn fersprieding waard yn 'e 1930-er jierren sterk oanfitere trochdat er troch Coca Cola foar in reklamekampanje brûkt waard.